Hege flecht - Willem Tjerkstra - Paperback (9789464247763)
Product informatie
€ 22,95
0 van de 5 sterren
0 reviews
Koop het product
Koop het product
Hege flecht is it fyftjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten en Hege flecht wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1999. Yn it lêste diel fan Hege flecht kriget it jier 1929 in bysûndere betsjutting, ûnder oare troch de flecht fan loftskip 'Graf Zeppelin' om de ierde hinne en de earste flecht fan in fleanmasine oer de Súdpoal. Yn it earste diel wurdt de myte beskreaun fan de hege flecht fan Ikaros, dy't mei heit Daidalos op wjukken út it labyrint fan kening Minos fan Kreta ûntsnapt. Om't yn 1929 foar Kristus it paleis fan Knossos op Kreta al bestie, soe it by wize fan sprekken mooglik west ha dat de fatale flecht fan Ikaros yn dat jier plakfûn hat. Yn it jier 1999 fernimt heit Bouke dat syn flecht op 'e buorkerij minder heech wurdt, wylst dy fan soan Wiebe de hichte yngiet.
Merk | Aspekt, uitgeverij |
Categorie | E-books |
EAN | 9789464247763 |