De hoara's fan hastings - simke kloosterman - ebook (9789089543875)
Tde
Dizze roman spilet op 'se earme Fryske heide fan Hastings, dêr'st Twizel model foar stie, en beskriuwt de wjerfarrens fan de rike boerefamylje Hastings. Heit Wychman hat in tsjuster ferline mei in healbroer, soan Fokke kriget de faam net dêr'st er syn sin op set hie, en Hester, suster fan Wychman, kiest yn de striid tusken ryk en earm net foar de eigen kant. Dat allegear yn in sletten doarpsmienskip dêr'st foar it earst in arbeider yn de gemeenterie komt. As dekôr tekenet de skriuwster mei grutte rykdom oan wurden it doarp en de wylde natoer fan de heide. De earste printing fan De Hoara'ss fan Hastings ferskynde yn 1921. `De Hoara'ss's wurdt beskôge as de earste grutte roman yn it Frysk. Dit boek is de werútjefte fan de sânde printing út 1992, mei in neiwurd fan Ph.H. Breuker. Wat dit ferhaal libben jout is de sfear fan ûnheil dy'st Simke Kloosterman fielber om de Hoara'ss hinne weefde. Sels harren huzen en tunen diele dêryn. Tiny Mulder yn it Friesch Dagblad Simke Kloosterman kin net allinne de aparte minsken yn har aksje en reaksje tekenje, mar ek groepen yn har hâlden en dragen. J.H. Brouwer yn Hjir Simke Kloosterman beskriuwt ús de natuer, it inerlik fan de minske, syn striid yn eigen hert, syn langstme nei it lok en de weemoed oer itjinge dat foarby is en nea werkomt. Dina Simonides yn De Fleanende Krie
In bolle yn 'se reak - anne wadman - ebook (9789089544117)
Tde
Plak fan hanneling: it Fryske greiddoarp Flokswert yn 'se jierren justjes foar, tidens en krekt nei de Twadde Wrâldoarloch. Haadpersonaazjes: Bouke Martensma, in handikapte skriuwer, Minke Wiuwerda, eigensinnige dochter fan in slachter-lânferrieder en doarpsdokter Jos Degreve, op wa'st de titel betrekking hat. Dy trije binne lotgenoaten, oan inoar ferbûn troch frjemde triedden fan tagedienens, skuldgefoel en ûnwissens. Foar elk fan har jout dat komplikaasjes en hat it konsekwinsjes. Op 'se eftergrûn spilet de doarpsmienskip mei syn godstsjinstige en maatskiplike tsjinstellingen, mei ferset en ferried, mei al syn nuverichheden en syn sjarmes. In kronyk fan minsklike lytsens soe men dit relaas neame kinne, teboeksteld troch Martensma. Mar neat is sa lyts of der skimeret út en troch ris in glimp fan wat grutters trochhinne. Dizze tredde printing is in werútjefte fan de earste printing út 1986. Lês it boek, soe ik sizze wolle, keapje it en jou it ek de jongerein yn hannen. Net iens om'st se dêr goed Frysk yn oantreffe, mar om'st it in sjenwize jout op it ferline en op minsklike ferhâldingen yn it algemien. Wadman toant him mei dit boek in betûfte romancier, in fakman. Jo Smit yn Frysk en Frij De tsjinstelling goed/fout wurdt troch Wadman yn dit boek gâns relativearre, al bliuwt it nazy-wêzen in kwestje fan dommens, sleauwens en oerflakkichheid. Steven H.P. de Jong yn Ta in hichte of de balke yn eigen each